Auto yn 'e brân stutsen

13 des 2008 - 15:54

Unbekenden hawwe freedtejûn yn Ljouwert in auto yn 'e brân set. De surveillearjende plysje krige in melding fan 'e brân dy't yn 'e Wilgenstrjitte wie. Doe't se oankamen by de baarnende auto, seagen se in gat yn it foarrút. It wie dúdlik dat der wat yn 'e auto smiten wie.

It fjoer sloech oer nei in twadde auto. De brânwacht hat brânen yn beide auto's útmakke. De eigners fan 'e auto's moatte noch oanjefte fan 'e brân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)