Fytsers bekeurd yn Drachten

© Omrop Fryslân
Yn Drachten binne de ôfrûne dagen 125 minsken op 'e bon slingere omdat se fytsten op plakken dêr't dat net mei. It giet om 'e winkelsintra oan de Wiken en de Noarder- en Suderbuert.
Oanlieding foar de plysje-aksje wie it grut tal klachten oer it gedrach fan guon fytsers. Benammen jongerein fytst troch de winkelsintra om in stik ôf te snijen. Dat soarget foar in soad argewaasje by winkeljend publyk. De plysje sil de kommende wiken faker kontrolearje.