Botsing by rotonde De Jouwer

13 des 2008 - 15:39

In 33-jierrige frou fan ´e Lemmer is freedtejûn ferwûne rekke by in oanriding op it ferkearsplein by De Jouwer. In autobestjoerder út Biddinghuzen tocht dat de frou de rotonde opride soe. Dat die se lykwols net. De man klapte mei syn wein achterop de auto fan ´e frou.

De frou fan De Lemmer is dêrby ferwûne en moast mei de ambulânse nei it sikehûs. De man út Biddinghuzen mankearre neat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)