Groepsferbod by Aldjiersfjoer

13 des 2008 - 13:06

Yn Ferwerderadiel meie minsken de kommende Aldjiersnacht net mei mear as fjouwer persoanen by in fjoer stean. Dat hat de gemeente ferbean. Ferline jier wiene der problemen yn Marrum, dêr't in grut fjoer makke wie. Omstanners makken it de brânwacht dreech om it fjoer út te meitsjen.

Tafersjochhâlders sille dit jier de situaasje yn 'e gaten hâlde en de plysje belje. Boppedat wurde yn ferskate doarpen feesten organisearre, sadat de minsken minder bûten binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)