Lestige Frjentsjerter oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontemoarn op it treinstasjon fan Ljouwert in 30-jierrige Frjentsjerter oanhâlden. Der wie in melding kaam oer in ploechje manlju dat oare reizgers lestichfoel. Fan it groepke makken twa in soad leven en se narren oare reizgers.
De plysje frege it groepke fuort te gean fan it stasjon, mar de Frjentsjerter woe dat net. De man waard dêrom oanhâlden en meinommen nei it plysjeburo foar ûndersyk.