Famke (18) komt om by botsing

In famke (18) út Ljouwert is freedtenacht op ´e Drachtsterwei omkaam neidat se op ´e fyts oanriden wie troch in auto. By it oerstekken fan it krúspunt by Suderbuorren waard se oanriden troch in auto bestjoerd troch in man (54) út Wergea.
De automobilist sei dat er troch oranje ljocht riden wie. De plysje siket no nei de bestjoerder fan in grize MPV-achtige auto dy´t wol foar it oranje ferkearsljocht stilstean bleau, mar nei it ûngelok trochriden is.