Earste ferlies Hajé Flyers

© Omrop Fryslân
De Hajé_Flyers rûnen freedtejûn tsjin it earste ferlies yn de iishockeykompetysje op. Yn en tsjin Nijmegen waard mei 4-3 ferlern. De perioadestannen: 3-1, 0-1 en 1-1. De Nijmegen Devils begongen hiel goed, binnen fiif minuten stie it al 2-0.
Jacco Landman, Bert van den Braak en Nicky de Jong wiene de Feanster doelpuntemakkers. Sneintejûn spylje de Flyers op it eigen iis tsjin de Amstel Tijgers fan Amsterdam.