Yllegaal fjoerwurk yn Akkrum

Bewenners fan 'e Túntsjes yn Akkrum hawwe sûnder te witten yn in buert mei eksploazjegefaar libbe. Op 'e souder fan in tuskenwente is 400 kilo oan yllegaal fjoerwurk fûn. De plysje hie in tip krige dat yn 'e wente yllegaal fjoerwurk ferkocht waard. Se rieden nei it hûs ta en seagen trije persoanen mei fjoerwurk nei bûten kommen. Yn Grou is de auto oanhâlden en it fjoerwurk yn beslach naam. Dêrnei is de bewenner fan it hûs yn Akkrum (48) ek oanhâlden.