Provinsje stipet Hûs Jongerein

12 des 2008 - 21:44

Opfangorganisaasje Zienn kin ek takom jier dak- en thúsleaze jongeren opfange yn it saneamde Hûs foar Jongeren yn Ljouwert. It opfangprojekt drige te ferdwinen troch jildkrapte. De groep dak- en thúsleazen nimt ta, reden foar de provinsje om 380.000 op it kleed te lizzen. Jongeren yn it hûs krije stipe fan helpferlieners om har libben wer op te bouwen. Ek as se net mear yn de opfangfoarsjenning sitte krije se noch begelieding fan Zienn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)