Atsma pleitet foar akwadukt A6

12 des 2008 - 21:34

In nij akwadukt yn stee fan in nije brêge yn de A6 by Skarsterbrêge kostet 15 oant 20 miljoen euro. Dat seit CDA-Twadde-Keamerlid Joop Atsma. Hy freget minister Eurlings fan Ferkear en Wettersteat no moandei om alle mooglikheden foar in akwadukt krekt bûten De Jouwer te besjen.

De brêge dy't der no leit, moat oer twa jier ferfongen wurde. De brêge soarget no foar in soad oerlêst op 'e A6.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)