Rebound foar probleemjongeren

© Omrop Fryslân
De kristlike skoallen foar fuortset ûnderwiis yn noardwest-Fryslân hawwe yn Ljouwert in Rebound iepene. Dit is in ynstelling foar probleemjongeren dy't it bedoarn hawwe op skoalle en in twadde kâns krije.
Doel is om de bern troch in persoanlike begelieding yn trije moanne sa fier te krijen dat se wer gewoan nei skoalle kinne. Oeral yn Fryslân binne gearwurkingsferbannen yn it ûnderwiis dy't Rebounds optuge.