WK stap tichterby foar H'fean

© Omrop Fryslân
De kâns dat yn 2018 it Wrâldkampioenskip fuotbal op It Hearrenfean spile wurdt, is wer grutter wurden. Fuotbalbûn KNVB hat it Abe Lenstrastadion as foarkarsplak oanwiisd. Ek Amsterdam, Rotterdam, Eindhoven en Enschede sitte derby.
It is noch net lang net wis dat it WK yn 2018 nei Nederlân en België ta komt. Oer twa jier nimt it wrâldfuotbalbûn, de FIFA, in beslút.