Tryater: al 7500 kaarten fuort

12 des 2008 - 16:02

In wike foar de premjêre binne der al 7.500 kaarten ferkocht fan 'e 11stêdetocht fan Tryater. Tryater spilet dizze foarstelling yn it ramt fan it 100-jierrich bestean fan de Feriening Fryske Alvestêden.

By de útfiering fan de 11stêdetocht ride minsken 12 oeren lang yn in bus by de stêden del. Kaarten binne te bestellen op de webside fan it teaterselskip. Yn Omrop Fryslân Aktueel takom wike alle dagen in foarpriuwke fan de foarstelling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)