Eilânferfier nei Arriva

It iepenbier ferfier op Amelân, Skylge en Flylân is gund oan Arriva. Dat is freed bekend makke. Op Flylân en Skylge sil Arriva gearwurkje mei taksyferfierder Renesse.
De konsesje giet yn op 1 maart 2009 en rint oant 2016. Arriva hat ek al it iepenbier ferier op Skiermûntseach en dat rint noch oant 2012. Op Amelân sil Arriva mei fjouwer ierdgasbussen ride. Nij is ek is dat der betelle wurde kin mei e-ticketing. Je kinne dan kaartsjes bestelle op ynternet.