Restauraasje mûne De Jouwer

De Griene Mole by De Jouwer wurdt restaurearre
It hat even duorre, mar freedtemoarn is lang om let begûn mei de restauraasje fan de Griene Mole op 'e Jouwer. Foar de restauraasje is de hiele boppekant fan de mûne der ôf helle mei in grutte kraan. De monumintale spinnekopmûne út 1800 wachte al jierren op restauraasje.
De Griene Mole rekke begjin 2007 swier skansearre troch in stoarm. In part fan it dak waaide der ôf. Yn 'e maaitiid sil de mûne opboud wurde en wurdt begûn mei it binnenwurk.