B'him:stappen tsjin akkountant

Boargemaster Schadd fan Boarnsterhim
Boargemaster Schadd-De Boer fan Boarnsterhim hat oanjefte dien tsjin akkountant Jan Galama fan Reduzum fanwege smaad en laster. Galama hat yn in artikel yn de Ljouwerter Krante beweard dat Boarnsterhim ûnkrekt omgien is mei gegevens om in positive begrutting foar 2009 te krijen.
Boargemaster Schadd seit dat fan fraude perfoarst gjin sprake is. De útlittings binne dan ek reden foar har om juridyske stappen te nimmen tsjin de akkountant.