Jurrick Juliana nei Dordrecht

12 des 2008 - 11:33

SC_Cambuur-oanfaller Jurrick_Juliana spilet fan 1 jannewaris 2009 ôf foar FC Dordrecht. Juliana kaam by Cambuur net mear oan spyljen ta en syn kontrakt is ûntbûn. Dat rûn noch troch oant de ein fan dit seizoen.

SC Cambuur wol yn de winterstop in ferfanger foar Juliana oanlûke. Troch AGOVV-oanfaller Dries Mertens hat direkteur Alex Pama al in streek helle. Cambuur hat him al twa kear melden by AGOVV, mar Mertens kostet 1,2 miljoen en dat jild is der net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)