Frou ferwûne by auto-ûngelok
In ynwenster fan It Hearrenfean is tongersdeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn har wenplak. De frou ried op de Boargemaster Falkenawei tsjin de middenlieder, rekke dêrtroch de macht oer it stjoer kwyt en botste tsjin in ferkearsboerd en lantearnepeal.
De frou is mei ferwûnings oan de nekke oerbrocht nei it sikehûs.