Provinsje stipet foedselbanken

12 des 2008 - 10:39
Foto: Omrop Fryslân

De provinsje jout de mienskiplike Fryske foedselbanken 45.000 euro om de organisaasje fan 'e banken te ferbetterjen. It jild kin brûkt wurde foar in bettere distribúsje fan guod tusken de ferskate foedselbanken. Bygelyks troch in buske of frachtwein oan te skaffen.

Ek kin it jild brûkt wurde om frijwilligers in kursus te jaan oer de wet- en regeljouwing oangeande it opslaan en útdielen fan libbensmiddels.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)