Undersyk nei eangststeurnissen

© Omrop Fryslân
De GGZ Fryslân docht ûndersyk nei it foarkommen fan depresjes en eangststeurnissen by bern dy't in grutte kâns hawwe hjir letter lêst fan te krijen. It giet dan bygelyks om bern dy't âlders hawwe mei dit soart steurnissen.
De GGZ wol jierliks 80 bern dy't in fergrut risiko hawwe steurnissen te krijen, help jaan mei in spesjaal ûntwikkele training. De provinsje jout de GGZ 126.000 euro subsydzje foar it ûndersyk.