Crone tsjin 'sterke man'

'Gjin sterke man by plysje'
Boargemaster Crone fan Ljouwert sil der alles oan dwaan om de kommende feroarings by de plysje te kearen. Hy is as korpsbehearder ferantwurdelik foar de plysje yn Fryslân, mar as it oan it kabinet leit krijt hy in baas boppe him. Dizze sterke man moat fanút Den Haach stjoering jaan oan alle regionale korpsen.
Dat soe betsjutte dat de regio net mear samar har eigen prioriteiten bepale kin. Neffens Crone is dat in ramp foar it funksjoneren fan de plysje.