Stroomsteuring Akkrum
In stroomsteuring hat tongersdeitemiddei hast hiel Akkrum plat lein. Sa'n 860 húshâldings hiene in oere lang gjin stroom. In kraanmasjinist hie in kabel rekke by graafwurksumheden foar de passantehaven yn it doarp.
Stroomnetbehearder Liander koe de elektrisiteit fia in omwei werstelle. De stikkene kabel wurdt freed makke.