Heger berop yn saak Kooistra

11 des 2008 - 17:28

De 18-jierrige Ljouwerter dy't feroardield is foar de dea fan Niels Kooistra is yn heger berop gien. Dat hat it advokatekantoar Anker en Anker bekend makke. Niels Kooistra waard begjin augustus nei in rúzje delstutsen. Hy rekke sa slim ferwûne dat letter besletten waard syn behanneling stil te setten.

De 18-jierrige Ljouwerter waard oardel wike lyn feroardield ta tolve jier sel. De ferwachting is dat it heger berop takom jier behannele wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)