Melding fan sjitterij yn Grou

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei mear as in oere lang rekreaasjepark Yn'e Lijte ôfsletten. Dêr soe in sjitpartij west hawwe neffens in melding. Yn in tillefoantsje nei de meldkeamer fan de plysje waard sein dat der in "man mei in wite pet" sketten hawwe soe.
Uteinlik die bliken dat it alarm falsk wie. Mar yn dy tiid koene bewenners en besikers fan it park gjin kant út. Ek koe de gemeentlike fearpont nei it eilân De Burd net farre. De plysje sette by de syktocht in plysjeboat yn.