VV B'post moat iken plantsje

De minsken fan VV Bûtenpost moatte de hannen út 'e mouwen stekke (foto VV Buitenpost)
Fuotbalferiening Bûtenpost moat fan de gemeente Achtkarspelen twa nije lytse ikebeammen plantsje op har terrein. Begjin dit jier hat de ferienings sûnder tastimming twa grutte ikebeammen omseage. De oankeap fan twa nije grutte ikebeammen en it plantsjen dêrfan soe de feriening sa'n 10.000 euro kostje. De gemeente fynt dit in te heech bedrach foar in frijwilligersferiening en wol no dat der twa nije beamkes fan minimaal tsien sentimeter plante wurde.