Rydbanen Suderbuorren ticht

11 des 2008 - 15:11

De gemeente Ljouwert hat in tal rydbanen ôfsletten by de ôfslaggen nei Suderbuorren en Goutum yn de Drachtsterdyk. Dat hat te krijen mei de ferkearsljochten dy't sûnt woansdei net mear wurkje. Der is software stikken yn de skeakelkast fan de ferkearsljochten. Om problemen yn de spits foar te kommen, wurde der op de neimiddei meiwurkers ynset dy't it ferkear regelje. It is net dúdlik wannear de ferkearsljochten wer goed wurkje sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)