Proef mei wetjouwing soarch

© Omrop Fryslân
Yn Fryslân wurdt de kommende trije jier in proef holden om de wetjouwing foar soarchferliening better ôf te stimmen op it ferlet fan de kliïnten. It ministearje fan Folkssûnens wol mei de provinsje, de Fryske gemeenten en De Friesland Zorgverzekeraar ûndersykje wat de mooglikheden foar ferbettering binne.
It eksperimint hat de namme Frieslab krigen. De steatssekretaris wol de resultaten brûke foar it foarm jaan fan de AWBZ yn de takomst.