Nije technyk hertklepoperaasje

11 des 2008 - 10:42

Foar it earst hawwe twa pasjinten yn it Hartcentrum Friesland yn it MCL in nije hertklep krigen fia de ljisk. Gewoanwei gebeurt dat troch de boarstkas iepen te snijen. By de nije metoade wurdt der troch in slang fia de ljisk in nije hertklep pleatst. Dit is in folle minder yngripende en belestende operaasje.

De technyk wurdt noch net tapast yn de oare sikehuzen yn Noard-Nederlân. It MCL wol takom jier sa'n 45 hertpasjinten op dizze manier helpe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)