Jild tsjerken Raerd en Warkum

De Gertrudistsjerke fan Warkum krijt goed 1,5 miljoen
Twa tsjerken yn Raerd en Warkum krije fan it Ryk hûnderttûzenen euro's subsydzje. It giet om de Laurentiustsjerke en de Gertrudistsjerke, dy't nedich oan restauraasje ta binne. Troch in amendemint fan it CDA is der yn de maaitiid in bedrach fan 50 miljoen euro beskiber kaam foar restauraasjes.
24 projekten sille mei dit jild yn hiel Nederlân útfierd wurde. It bedrach dat de tsjerken krije is lykwols net genôch om alles te dwaan.