3 skoaljonges Drachten oppakt

11 des 2008 - 10:17

De plysje hat tongersdei op in skoalle yn Drachten trije jonges arrestearre om't se auto's fernield hiene. In 13-jierrige jonge fan Sigerswâld en twa jonges fan 14 jier fan Drachten hiene op De Hoge Bomen tsjin de spegels fan in oantal parkearde auto's trape. In tsjûge hie de plysje warskôge, dy koe de fertochten yn de skoalle oppakke.

Op it buro seine se dat se de spegels út ferfeling fernied hiene. De jonges hawwe prosesferbaal krigen. Dêrnei mochten se wer nei hûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)