Minder huzen yn A7-sône

Yn de A7-sûne wurde 4000 huzen minder boud as pland.
De gemeenten Smellingerlân, Opsterlân, Hearrenfean, Skarsterlân, Snits en Wymbritseradiel bouwe oant 2016 minder huzen. De gemeenten hawwe te krijen mei in weromrinnende groei. Foar dizze A7-sône soene oant 2016 dik tsientûzen wennings boud wurde. Der is lykwols ferlet fan mar in goede 6100 huzen.
Neffens de gemeenten soarget in te grut oanbod fan wennings foar risiko's op de wenningmerk. Dat liedt ûnder oare ta legere prizen en leechstân by minder populêre huzen.