Wetterskip: fjouwer partijen

It nije deistige bestjoer fan Wetterskip Fryslân bestiet út in koalysje fan Water Natuurlijk, Werk aan Water, PvdA en CDA. Dat is alteast it advys fan ynformateur Henk Kroes.
Kroes presintearre syn befinings woansdeitejûn. De fjouwer partijen hawwe mei-inoar 16 fan de 25 sitten yn it algemien bestjoer. De partijen geane akkoart mei it al fêststelde feiligensplan. Dat betsjut dat it gemaal by Lauwerseach der foar 2015 komt. Freed prate de partijen fierder.