Skjin wetter foar Afrika

10 des 2008 - 18:12

De provinsje, wetterskip, gemeenten en Vitens wolle ynwenners fan ferskate Afrikaanske lannen helpe oan skjin drinkwetter en sanitêre foarsjennings. De partijen stelle de kommende fjouwer jier 2,4 miljoen euro beskikber foar de ynwenners fan Zambia, Mozambyk en Malawi te helpen.

It ministearje fan Untwikkelingsgearwurking ferdûbelt dat bedrach nochris. It jild sil brûkt wurde om drinkwetter -en sanitêre foarsjennings te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)