Tydlike ferhuzing AH Drachten

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân giet akkoart mei de tydlike ferhuzing fan supermerk Albert Heijn nei de Noarderhegewei yn Drachten. De Albert Heijn hat tydlik in oare lokaasje nedich omdat it Raadhuisplein op dit stuit opnij ynrjochte wurdt. Earst soe de supermerk nei de Martin Luther King-bûlevaar gean, mar dat gie net troch.
Albert Heijn ferhuzet takom maaitiid nei de Noarderhegewei. Begjin 2011 sil de supermerk wer werom komme oan it Raadhuisplein.