Jongeren kieze nijsfoto 2008

Bern út Houtigehage besjogge de foto's
Wat wurdt de nijsfoto fan 2008? Jongeren út it Noarden kinne fan woansdei ôf yn Ljouwert har stim útbringe. Nominearden binne ûnder oaren foto's mei Foppe de Haan en Wout Zijlstra. Woansdei kamen al goed 40 bern nei it museum om te stimmen.
It Frysk Museum yn Ljouwert is it iennichste plak yn it Noarden dêr't jongeren stimme kinne op de 'Nieuwsfoto van het Jaar 2008'. Foarich jier kamen der sa'n 500 bern op ôf.