Klokkespul Frjentsjer folslein

© Omrop Fryslân
It klokkespul fan de Martinitsjerke yn Frjentsjer is wer folslein. De behearende stifting fan de tsjerke hat in klok út Swolle oankocht. Earst soe de klok fan Pitersbierrum nei Frjentsjer komme. Mar dat doarp kaam yn ferset doe't it hearde dat de klok út it doarp ferdwine soe.
Yn de Twadde Wrâldoarloch waarden de trije klokken op de toer fuorthelle troch de Dútsers om der wapens fan te meitsjen. Twa binne nei de oarloch werom kaam, mar ien ûntbruts noch.