Bosk by Hee mei kapt wurde

10 des 2008 - 15:09

Steatsboskbehear kin fierder mei de kap fan sân hektare bosk by Hee op Skylge. De Ried fan Steat hat de beswieren dy't rekreaasje-ûndernimmers tsjin de kap hiene ôfwiisd.

Steatsboskbehear wol de bosk kappe omdat it syn oarspronklike funksje ferlern hat. De bosk waard om 1930 hinne plante om it ferstowen fan dunen tsjin te gean, mar dy binne yntusken begroeid mei helmgers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)