Advys oer koalysje Wetterskip

10 des 2008 - 14:48

Henk Kroes makket woansdeitejûn bekend hokker partijen neffens him it bêste yn it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân komme kinne. Dat bart yn it gebou fan it Wetterskip yn Ljouwert.

Henk_Kroes is in wike lyn frege om in wurkbere koalysje te foarmjen fan de partijen dy´t meidien ha oan de wetterskipsferkiezings. De fraksjefoarsitters fan de partijen skoden Kroes nei foaren as ynformateur, omdat hy it fertrouwen hat fan alle partijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)