Stipe foar nije ûndernimmers

Starters en nije bedriuwen yn Fryslân kinne makliker jild liene en help krije om in fernijend technysk idee op ´e merk te bringen. Dat is it idee fan in nije regeling fan ûnder oare de trije Ljouwerter hegeskoallen, it bediuwslibben en de Rabobank.
By de ûnderwiisynstellings en ek wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert ûntsteane genôch spannende ideeën, mar se bliuwe te faak lizzen. De nije regeling Bison moat dat foarkomme en woansdei waard de earste liening jûn.