Fytser sûnder ljocht oanriden

10 des 2008 - 10:52
Foto: Omrop Fryslân

By in oanriding oan de Feansterdyk yn Akkrum is tiisdei oan de ein fan de middei in 9-jierrige fytser ferwûne rekke. De jonge waard troch in automobilist oer de holle sjoen.

It wie al wat tsjuster en de jonge hie gjin ljocht op 'e fyts. Troch de oanriding foel de Akkrumer. Hy is mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs fan It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)