12 bonnen foar ride troch read

10 des 2008 - 10:42

Yn Drachten binne tiisdei tolve automobilisten bekeurd foar it riden troch read. De plysje kontrolearre op de krusing Suderhegewei, de Lauwers en de Gauke_Boelensleane.

Neffens de plysje wiene der noch mear automobilisten dy´t it reade ljocht negearren op de krusing, mar dy koene fanwege de drokte net oanhâlden wurde. Sy krije de bekeuring thús yn de bus. Der wurdt in soad klage oer automobilisten dy´t op dy krusing troch read ljocht ride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)