Foar sûnens de natoer yn

© Omrop Fryslân
It Fryske Gea en soarchfersekerder De Friesland wolle tegearre minsken de natoer yn krije. Se hawwe dêrfoar it saneamde Natoerkollektyf opsetten, in spesjale nije fersekering. Ekstra aktiviteiten yn de natoer moat de minsken sûner meitsje en dan soene se minder faak nei de dokter of it sikehûs hoege.
De aktiviteiten wurde opsetten troch it Fryske Gea. De Friesland sil der oan meibetelje en betellet de kontribúsje fan de dielnimmers.