Besparringspakket foar minima

© Omrop Fryslân
Minsken mei in smelle beurs yn Tytsjerksteradiel kinne fan hjoed ôf fan de gemeente in spesjaal enerzjypakket krije. Yn it pakket sitte ûnder oaren in LED-lamp, in spaarlamp, in boekje mei handige besparringstips en in saneamde dûscoach. Dit is in sânglês dat yn fiif minuten tiid leech rint en dan wit je dat je ûnder de dûs wei komme kinne.
Goed 450 húshâldens krije it pakketsje. Sa soene se tsientallen euro´s yn it jier besparje kinne.