Mear kafees te keap

Kafee De Drie Gemeenten yn Aldeleie ek te keap
De lêste wiken wurde der hieltyd mear hoareka-saken te keap set yn Fryslân. Neffens hoarekamakelder Han Berendschot komt dat troch it smookferbod en de minne ekonomyske foarútsichten.
Gewoanwei komme der yn in moanne tusken de 5 en 10 hoarekabedriuwen te keap. No binne dat al 10 yn de wike. Neffens Berendschot giet it al jierren min mei de omset fan ´e hoareka. Troch de hege hierprizen en alle regels dêr´t se oan foldwaan moatte.