Strengere kontrôles Wetterskip

© Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân sil strenger optrede tsjin minsken dy´t de regels earnstich skeine, lykas it tichtsmiten fan sleatten. Ek wurdt yntinsiver kontrolearre oft kaden en wâlen by haadwetters op de goede wize meand en ôffrede wurde.
It Wetterskip sil fierders mear foarljochting jaan, ûnder oare oer it ferbod om toiletwetter út in skip streekrjocht op it bûtenwetter ôf te wetterjen. Dat ferbod giet takom jier yn.