Underskieding foar Koopmans

Koopmans krijt de ûnderskieding opspjelde (foto Alex de Haan)
De 47-jierrige Otto Koopmans fan Skearnegoutum is tiisdei beneamd ta Lid yn de Oarder van Oranje Nassau. Boargemaster Reitsma fan Wymbritseradiel rikte de ûnderskieding út by de jubileumbyienkomst fan de Praktykoplieding Bou yn Ljouwert. De ûnderwiisynstelling bestiet 25 jier.
Koopmans is al 14 jier belutsen by de oplieding. Sûnt acht jier is er foarsitter fan de Vereniging Samenwerkingsverband Praktijkopleiding Bouw, regio Fryslân.