Man mei auto oer de kop

09 des 2008 - 09:47
Foto: Omrop Fryslân

In 21-jierrige man út Rotsterhaule is moandeitejûn mei tefolle drank op mei syn auto oer de kop slein. De man ried op de Scheen op De Jouwer tsjin in parkearde auto op en kaam midden op de dyk op de kop stil te stean. Hy koe sels út 'e auto klimme.

De man hie gjin ferwûnings. De dyk hat in skoft ôfsletten west om de skea op te romjen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)