Man yn skonk stutsen

© Omrop Fryslân
In ûnbekende man hat moandeitejûn in 38-jierrige Ljouwerter yn syn skonk stutsen mei in mes. De twa hiene spul op de Verlengde Schrans yn de stêd. De Ljouwerter rekke licht ferwûne en is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.
De fertochte is nei de binnenstêd ta rûn. De plysje koe him net mear fine. Wat de oanlieding foar de rûzje wie is noch net bekend, dat wurdt noch fierder ûndersocht.