Amelân waarm fan wetterstof

© Omrop Fryslân
It gas dat op It Amelân brûkt wurdt foar itensieden en ferwaarming is tenei noch miljeufreonliker. De wetterstof dy't brûkt wurdt foar in projekt op it eilân wurdt sûnt dizze wike makke fan sinneljocht. Op it dak fan it Kennis en Innovatiecentrum Ameland binne sinnepanelen pleatst dy't de wetterstof opwekke moatte.
Op it eilân wurdt sûnt jannewaris eksperimentearre mei in nije enerzjyfoarm, dêr't wetterstof yn de gaslieding mei gas mingd wurdt.