Lekke fiskkotter nei Harns

08 des 2008 - 16:53

Op de Noardsee boppe Flylân hawwe rêdingsboaten de hiele dei dwaande west wetter út de lekke fiskkotter te pompen, dy't dêr moandeitemoarn yn oanfarring kaam mei in frachtskip.

De Urker fiskkotter stoomde de Noardsee op om út fiskjen te gean, it Finske frachtskip wie ûnderweis nei it suden. Beide skippen binne lek slein. It frachtskip fart stadich nei IJmuiden en de kotter is nei Harns sleept foar in earste needreparaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)